Myn Krystbeamke - Hylkje Goïnga by Afûk - Ljouwert published on 2016-12-08T08:36:49Z Ferhalen fan Hylkje Goïnga Hylkje Goïnga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en De Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op. Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goïnga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der aardichheid oan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt geregeld op 'e ferkearde foet set omdat de ferhalen oan de ein faak in hiel ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de útsûnderlike húsfrou Martha ha anno 2016 noch neat oan aktualiteit ferlern. Yn dizze bondel steane tsien ferhalen dy't karakteristyk binne foar it wurk fan Hylkje Goïnga: koart om 'e hoeke, humoristysk en bysûnder. Frysk, paperback, 79 siden Gearstald troc h Douwe Kootstra Foarmjouwing omslach: Hylkje Kroon Opmaak: Jan Tiemersma Contains tracks Myn Krystbeamke - Diel 1 by Afûk - Ljouwert published on 2016-12-08T08:36:49Z Myn Krystbeamke - Diel 2 by Afûk - Ljouwert published on 2016-12-08T08:36:48Z Myn Krystbeamke - Diel 3 by Afûk - Ljouwert published on 2016-12-08T08:36:48Z Myn Krystbeamke - Diel 4 by Afûk - Ljouwert published on 2016-12-08T08:36:47Z