Ast Der Net Mear Bist by LJOUBJR DE BAND published on 2012-07-07T13:15:38Z Ast der net mear bist Ik sjoch nei de minsken om my hinne en ik tink oan nimmen alles wat yn my om giet is wat ik net begryp ik tink net oan juster want juster hat al west en hjoed, hjoed wie it bêst en moarn giet it wer better ik wol no net tinke oan letter want wat noch komt is ûnwis en wat ast der dan net mear bist en wat ast der dan net mear bist alle grinzen binne om foarby te gean In tûkelteam is om oer hinne te springen in finzenis, om frij te litten en de frijheid om op te sluten alle oeren binne om te sliten dat ik stean en ik rin en ik dûnsje en ik spring en net ien hâldt my tsjin en ik sjong en ik tink en ik laitsje en ik drink en doch alles wat ik kin en moarn giet it wer better ik wol no net tinke oan letter want wat noch komt is ûnwis en wat ast der dan net mear bist en wat ast der dan net mear bist en wat ast der dan net mear bist en wat ast der dan net mear bist en wat ast der dan net mear bist