Myn Eigen Wei by LJOUBJR DE BAND published on 2016-02-15T20:22:08Z 'Myn Eigen Wei' is in liet fan de Fryske band Ljoubjr. It is in liet oer it meitsjen fan keuzes, it folgjen fan gefoel en oer it ûnwisse fan de takomst. It nûmer hat in waarme folle sound krigen. Myn Eigen Wei - Ljoubjr de Band Opnaam - Rds Studio Snits troch Rein Zwerver Mastering - Wisseloord Studio Hilversum troch Pier Durk Hogeterp Myn Eigen Wei Links of rjochts wêr moat ik nei ta ik wit net wêr't ik it measte oan ha ik besykje te sjen sa fier as ik kin mar nimmen kin de takomst yn sjen wat sil it my bringe, it paad dat ik gean myn eigen wei of mei yn de stream wêr't ik no bin kom ik net werom Wêr ik nei ta gean dêr giet it om de oeren en de dagen se jouwe my ried ik sjoch tebek op it paad dat ik gie 't sil altiid sa bliuwe om't it altyd sa wie ik rin it paad, it paad dat ik kies de wei dy't ik rin, dy spjalt ek wer op hieltyd opnij stean ik foar it blok Ik kin net beide kanten út ik wol fierder, 'k wol fierder foarút ik kies de kant der't net ien west hat om 't it fielt dat ik dêr wêze moat sa bin ik almar ûnderweis Genre Frysk