dEROELS JAH ROEL Winsum De rockband dEROELS is yn 2008 ûnstien út leden en eksleden fan Frystalige bands lykas: Cormick, Ljoubjr, Tsjettel, en Xigatze. dEROELS steane bekind om har bjusterbaarlike optredens mei gasten lykas trombonespilers en búkdûnseressen. Stevige Rocksongs, wurde ôfwiksele mei poppy harksankjes en in flotte poadiumpresintaasje yn kombinaasje mei in folslein eigen powerpointsjoo, meitsje it plaatsje by dEROELS kompleet. Yn 2009 hat de band meidien oan it songfestival “LIET”. Hja spilen dêr it liet "Fleankleed". dEROELS spilen fierder op festivals (Aaipop, Tsjoch en Muzuder), en yn sealen en tinten (Romein, Lawei, en Iduna). Begjin 2011hawwe de roelmannen in mini cd opnaam. Yn 2012 kaam de klip en it nûmer “Net mear sa as it tocht” út. Dit númer en de klip wiene in protte te hearren en te sjen op Omrop Fryslân. En yn 2013 kamen hja mei it nûmer “Skaroel” mei der by in spesjale Lego klip. Yn febrewaris 2014 hawwe dEROELS yn de ”Noorderzon” studio fan Sytse Broersma te Reduzum wer twa hagelnije lieten opnaam. It earste nûmer “Deale” is hiel spesjaal, om’t Joop van der Linden fan de Amsterdam Klezmer Band op trombone meidocht. Sa ûnstie de bysûndere fanfarerock sound fan “Deale”. En op 29 maart 2014 waard dit nûmer foar it earst “live” útfierd troch Joop van der Linden mei dEROELS, doe’t hja yn Poppoadium Romein it foarprogramma fan de Amsterdam Klezmer Band diene. “Let Love Roel” dEROELS binne: Jah-Roel Sang en Gitaar Roel Vetcool Sang en Bas Roel Oldskool Gitaar en Lûden Roel Roffel Slachreau dEROELS’s tracks MYN DEI by dEROELS published on 2014-11-12T20:39:06Z DEALE by dEROELS published on 2014-04-06T11:29:05Z DEROELS - SKAROEL by dEROELS published on 2012-09-29T12:10:00Z DEROELS - Net Mear Sa As Ik Tocht by dEROELS published on 2012-06-03T12:23:48Z DEROELS - Ritueel by dEROELS published on 2012-03-18T12:32:23Z DEROELS - De Leafde by dEROELS published on 2012-01-25T20:13:33Z DEROELS - Fleankleed by dEROELS published on 2012-01-02T15:27:10Z DEROELS - Hâld My Hjir by dEROELS published on 2012-01-02T15:15:09Z